Kevin Whately

Kevin Whately
akteur
Kevin Whately as ynspekteur Lewis (2015)
Kevin Whately as ynspekteur Lewis (2015)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kevin George Edward Whately
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 1951
berteplak Hexham, Northumberland
jierren aktyf 1979-no

Kevin Whately (Humshaugh ûnder Hexham, Northumberland, 6 febrewaris 1951) is in Ingelsk akteur. Hy is benammen bekend wurden fan syn rol as Robbie Lewis yn de detectiverige Inspector Morse, syn rol as Neville "Neville" Hoop yn de Britske telefyzjekomeedzje Auf Wiedersehen, Pet, en syn rol as Jack Kerruish yn de dramasearje Peak Practice, hoewol't er ek tal fan oare rollen spile hat.

Nei de dea fan John Thaw dy't de rol fan Inspector Morse spile, hat Kevin Whately syn eigen telefyzjerige krigen, de spin-off mei de titel Lewis. It lêste en njoggende jier fan dy searje is yn de simmer fan 2015 útstjoerd yn it Feriene Keninkryk. Yn totaal binne der 33 ôfleveringen makke. Robbie Lewis is yn de rige Detective-Inspector en hat in nije Detective-Sergeant as assistint: James Hathaway (spile troch Laurence Fox (1978). Yn 2015 is de rige opholden en nei hast 30 jier Lewis spile te hawwen (fan 1986 oant 2015) hat Kevin Whately witte litten dat er him talizze wol op nij aktearwurk.

The Children is in Ingelske plysjesearje yn trije dielen dy't yn april 2010 troch de KRO útstjoerd waard. De rol fan Cameron waard spile troch Kevin Whately.

Kevin Whately is troud mei aktrise Madelaine Newton; it pear hat twa bern. Sy wenje yn Woburn Sands by Milton Keynes.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy